Grutte opkomst allergy-wike

04 okt 2012 - 22:33

Goed 150 minsken binne dizze wike ôfkaam op de Wike fan de Allergy yn sikehûs De Tsjongerskâns op It Hearrenfean. Op de ôfslutingsjûn kamen tongersdei goed 50 minsken om harren byprate te litten oer ferskate foarmen fan allergy en om harren teste te litten.

Neffens de artsen fan it sikehûs komme der hieltyd mear minsken mei in allergy. Dat komt trochdat allergyen better herkend wurde, mar ek om't we yn hieltiid skjinnere omjouwings opgroeie. Dêrtroch wenne we net mear oan bygelyks stof en bepaalde planten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)