Hoe machtich is Facebook

04 okt 2012 - 17:18

Op de Thorbecke Academie yn Ljouwert is tongersdei wiidweidich diskusjearre oer de macht fan Facebook. Yn Haren ûntstiene grutte rellen nei oanlieding fan de oankundiging fan in feest op Facebook.

Peter Olsthoorn is saakkundige op it mêd fan Facebook en neffens him binne de rellen perfoarst net de skuld fan Facebook. It tilt no op fan de oproppen foar Project-X-feesten, ek yn Ljouwert en Boalsert. Gemeente en plysje sizze op de hichte te wêzen, mar wolle fierder neat sizze.

Trefwurden: 
Facebook
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)