Wûns wol sels huzen bouwe

04 okt 2012 - 16:57

Doarpsbelang Wûns wol sels in wenningboukorporaasje oprjochtsje, dat soe unyk wêze yn Fryslân. Elkien beheart op dit stuit noch seis hierwenten yn it doarp, mar wol der fan ôf. De korporaasje soe noch twa hierwenten bouwe, mar dat giet ek net troch.

Neffens Elkien sille hierwenten op lytse doarpen yn de takomst net mear rendabel wêze. Doarpsbelang sjocht mei help fan de Provinsje, de gemeente en Elkien kânsen om de saak oer te nimmen. Elkien wol de grûn geskikt ferkeapje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)