Frisse Wind praat net mear mei

De gemeenteried fan Harns
De fraksje fan Frisse Wind wie ek woansdeitejûn net by de riedsgearkomste fan Harns. Se sille foarearst toch net mear meifergaderje. De partij wol earst de útkomsten fan in ûndersyk nei de ôffaloven yn de stêd ôfwachtsje. It bestjoer fan Frisse Wind hie sein dat de ôfwêzigens fan de fraksje in ienmalige saak wie, mar dat is dus net it gefal.
Boargemaster Sluiter neamde de wegering "moreel verwerpelijk". Sluiter hat ynformearre oft er de partijleden juridysk twinge kin om har riedswurk te dwaan, mar dat blykt net sa te wêzen.
Hy wiist der wol op dat in protte Frisse Wind-stimmers teloarsteld wêze sille no't harren miening net fertolke wurdt yn de ried. It is neffens Sluiter net sa dat syn stêd ûnbestjoerber is no't Frisse Wind net meidwaan wol.