Gjin 'Juichwilg' foar It Fean

04 okt 2012 - 14:18

De gemeente Hearrenfean is gjin winner wurden fan de 'Juichwilg' 2012. De Grinslanner gemeente Old Ambt hat de trofee tongersdei útrikt krigen op in sympoasium yn Putten. De Juichwilg wurdt jierliks troch Landschapsbeheer Nederlân útrikt oan in gemeente dy't him op bysûndere wize ynset foar it behâld fan it lânskip en kultuerhistoarje.

Ferline jier wûn de gemeente Frjentsjerteradiel de ûnderskieding foar in natoerprojekt yn Achlum.

Trefwurden: 
Juichwilg
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)