Hylpen krijt eigen diggelguod

Hylpen krijt foar it earst ek syn eigen diggelguod yn de kleurrike Hylper styl. De keunstskilders en ûntwerpers Harmen Glashouwer en syn dochter Christien út Hylpen hawwe de tekeningen yn Hylper motiven op de kopkes en pantsjes betocht.
Douwe Egberts lit se der op sette en ferkeapet de kopkes en pantsjes. De motiven op it diggelguod komme fan de tradisjonele Hylper stoffen. It servys bestiet no noch út fjouwer cappuccinomokken, fjouwer kofjekoppen en twa ferskillende pantsjes. Der wurdt neitocht oer boarden, skalen in teepot.