Nije sponsor foar Jac Orie

04 okt 2012 - 12:08

De reedrydploech fan Jac Orie, dêr't Jan Smeekens fan Snits ek by heart, hat foar de kommende trije jier in nije sponsor. It giet om BrandLoyalty, in bedriuw dat ynternasjonaal aktyf is op it mêd fan loyaliteit by winkels yn de itenssektor.

BrandLoyalty hat keazen foar it team fan Jac Orie omdat dy it rapste team fan de wrâld hat en omdat reedriden in leechdrompelige en skjinne sport is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)