Fryske stimmebank fan start

04 okt 2012 - 11:04

Yn de kampanje Praat mar Frysk is tongersdei in Fryske Stimmebank lansearre. It giet om in bank mei ferskillende stimmen dy't beskikber binne foar it ynsprekken fan reklames, filmkes, gedichten, ferhalen en smartphone-apps.

Op de webside fan PraatmarFrysk binne alle stimmen te hearren. Fia de stimmebank kin direkt kontakt opnommen wurde mei de ynsprekker om him of har te boeken. It doel fan de stimmebank is om it brûken fan it Frysk by reklames te stimulearjen en it oanbod fan stimmen te fergrutsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)