Epke fokust op WK en stúdzje

04 okt 2012 - 10:53
  • Epke Zonderland

Epke Zonderland is him noch net folslein bewust fan syn heldestatus sûnt de Olympyske Spelen. Hy fertelt dêroer tongersdei wiidweidich yn it Boppeslach kafee. It libben fan Zonderland stiet sûnt de gouden oefening folslein op 'e kop, al begjint it neffens de Lemster stadichoan wer wat struktuer te krijen.

Epke Zonderland is ek dwaande mei de takomst. De wrâldtitel ûntbrekt noch op syn earelist en dêr wol hy foar gean. Mar it turnjen komt it kommende jier lang net altyd op it earste plak. De stúdzje is ek wichtich.

Boppeslach Kafee is tongersdeitejûn om 18.30 te sjen en wurdt alle oeren werhelle. Ek hurdfytster Alyda Norbruis docht har ferhaal. Sy helle in sulveren medalje op de Paralympics.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)