Ferwûne ûngelok spoaroergong

Spoaroergong Snits © Google Streetview
In 39-jierrige fytser út Snits is tongersdeitemoarn ferwûne rekke by de spoaroergang by it Sint Antoniusplein yn Snits. De man en in automobilist woene noch gau ûnder de sakjende spoarbomen troch. De automobilist seach dêrby de fytser oer de kop en ried him oan.
De fytser is nei it sikehús oerbrocht. De automobilist hat in boete krige.