Boetes kontrôle lânbouferkear

04 okt 2012 - 10:02

By de kontrôles op it lânbouferkear hat de plysje de ôfrûne twa wike 21 bekeurings útdield. Oant no ta is it ark fan 186 boeren en leanwurkers kontrolearre, 21 kamen der ôf mei in warskôging. Der wurdt sjoen nei stikkene of missende spegels, ferljochting en warskôgingsbuorden op ark dat oan de trekker montearre is.

De plysje seach ekstra skerp nei útstekkende ûnderdielen fan bygelyks kuilsnijers en dongynjektoaren. Der wurdt noch in wike ekstra kontrolearre op it lânbouferkear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)