Needbefel yn Skarsterlân

Boargemaster Looman fan Skarsterlân hat ôfrûne sneon in saneamd needbefel ôfkundige. Dat hat se woansdei yn de ried sein.
Neffens de boargemaster soe in groep jongeren dy't ûnderweis wie nei De Jouwer foar in gefaarlike sitewaasje soargje. Der soe driging fan fernieling of oanfallen west ha. Oer it werom fan ien en oar woe Looman neat sizze, mar it soe om in wraakaksje gean. Sneon waard elk dy't neat op De Jouwer te sykjen hie weromstjoerd. It soe meiïnoar om sa'n 35 persoanen gien wêze.