Kokaïne yn supermerken fûn

03 okt 2012 - 21:43

De plysje hat woansdeitejûn yn de supermerk fan de C1000 oan de Snekertrekwei yn Ljouwert in grutte partij kokaïne fûn. Ek yn noch twa oare winkels, yn Drinte en Oerisel, binne de drugs fûn.

It giet mei-inoar om inkele tsientallen kilo's, mei in strjitwearde fan rûchwei ien miljoen euro. De drugs sieten yn bananedoazen en waarden fûn troch supermerkmeiwurkers.

Trefwurden: 
kokaïne C1000 supermerken
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)