Oprop ta Project X yn Ljouwert

drok op it Saailân © Omrop Fryslân
Op de sosjale media wurdt skreaun oer in Project X-achtich feest oer twa wiken yn Ljouwert. Fia Facebook en Twitter wurde minsken oproppen om op 13 oktober nei it Saailân ta te kommen. Dêr soenen dan DJ's foar in dancefeest soargje. Sawol de gemeente Ljouwert as de plysje jouwe ta dat se op de hichte binne fan de plannen, mar wegerje te sizzen wat se oan foarsoarchsmaatregels nimme. In Project X-feest yn Haren rûn in pear wike lyn folslein út 'e hân, mei grutskalige fjochtpartijen en fernielings.