Wurkleaze jongere oan de slach

14 des 2011 - 10:08

Bedriuwen dy't in wurkleaze jongere oannimme kinne in ekstra bydrage krije fan 1500 de wurknimmer. Mei dizze maatregel hoopje gemeenten de wurkleazens ûnder jongeren werom te bringen. De jongeren moatte wol ynskreaun stean by it Werkplein en se moatte in kontrakt fan op syn minst in healjier krije. De wurknimmer mei hjirnei net mear útkearingsôfhinklik wêze. Ljouwert stelt 225.000 euro beskikber. Dat is foar 150 jongeren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)