160 boetes foar te hurd riden

23 apr 2009 - 10:38

Yn Dantumadiel en Achtkarspelen binne woansdei 160 boetes útdield foar te hurdriden. De plysje kontrolearre yn Damwâld op de Doaniawei, op de Wedze by Twizel en op de Gedempte Vaart fan Surhústerfean.

Foaral bûten de beboude kom fan Twizel riden in soad auto's te hurd. Dêr jildt in maksimum snelheid fan 60 kilometer yn de oere. Der kamen ûngefear 250 auto's foarby, 44 dêrfan rieden te hurd. Ien autobestjoerder hie sels 94 kilometer op de teller.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)