16 oanjeftes Fryske bangalist

16 apr 2012 - 16:07
  • Bangalijst

Sechtjin famkes hawwe by de Fryske plysje oanjefte dien omdat harren namme op in saneamde bangalist stiet. Yn Drachten sirkulearje ferskate fan sokke listen. De famkes op de list soene mei jan en alleman seks hawwe. Lanlik ûntstie koartlyn ûnrêst neidat in famke fan 14 út Pijnacker har sels tekoart die omdat se op sa'n bangalist stie.

De measte oanjeftes binne fan famkes dy't op it Drachtster Lyceum sitte, seit de plysje. De plysje ûndersiket de oanjeftes, mar it is net maklik de gearstallers en fersprieders fan de listen te achterheljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)