16 oanhâldings âldjiersnacht

01 jan 2013 - 14:59
  • Plysje

De plysje yn Fryslân hat âldjiersnacht yn totaal 16 minsken oanholden foar ûnder oaren fernielings, misledeging en bedriging. Sa waarden yn Burgum trije jonges oanholden dy't nitraatbommen ôfstutsen en yn Frjentsjer drige in man it plysjeburo op te blazen. Yn Ljouwert waarden njoggen minsken oppakt foar ferskate saken en yn Drachten binne fiif minsken oanholden foar ûnder oaren mishanneling en húslik geweld. De plysje moat noch mear oanjeftes ôfhannelje en ferwachtet de kommende dagen dan ek mear minsken oan te hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)