16-jierrige ynbrekkers oppakt

21 feb 2014 - 09:57
  • Ynbraak

Trije jonges fan 16 jier binne tongersdeitemoarn oppakt doe't se besochten yn te brekken yn in wenning oan de Carel Fabritiusstrjitte yn Ljouwert. In tsjûge seach it trio en wist ien fan harren te pakken te krijen. De oare twa binne letter oanholden. De plysje ûndersiket oft de trije jonges, ien út Goutum en twa út Ljouwert, mear ynbraken op harren namme stean hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)