16 huzen sloopt yn Dokkum

16 okt 2012 - 11:52
  • sloophuzen
  • sloop Dokkum

Sechtjin fertutearze leechsteande wenten oan de Boargemaster de Vriesstrjitte yn Dokkum wurde yn novimber sloopt. Ta grutte opluchting fan buertbewenners dy't fine dat se al twa jier yn in ferpaupere strjitte wenje. Neffens wenningstifting Thús Wonen hat it langer duorre troch de krisis op 'e huzemerk.

It plan wie earst om nije hier- en keapwenten te bouwen, mar dat is foarearst útsteld. Achter de wenten dy't sloopt wurde, komme wol nije wenten. Dêr wurde sân hierwenten boud, dy't yn 2014 klear wêze moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)