16, 14 en 2 jier sel saak-Nijlân

21 okt 2005 - 10:51

De rjochter hat de haadfertochte (20) yn de saak-Nijlân 16 jier sel oplein. Der wie 19 jier easke. De man hat mei twa oaren begjin dit jier kafee Nijlân yn Ljouwert oerfallen, en de eigner fan de saak deatutsen.

In 18-jierrige oare fertochte krige 14 jier sel. De tredde fertochte (18) is neffens it jeugdrjocht feroardield ta twa jier jeugddetinsje en pleatsing yn in ynrjochting. Hy krijt minder straf omdat er spyt betsjûge hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)