15e ferlies Snits Wyt Swart

17 feb 2013 - 16:02
  • Logo VV Snits Wyt Swart

Hikkesluter Snits Wyt Swart Boso Snits hat snein mei 2-0 ferlern fan VVSB. Yn Noardwikerhout kamen de Snitsers healwei de earste helte op 1-0 efterstân nei in oertreding fan Erolind Dergutti. De thúsploech profitearre optimaal fan de frije traap.

Yn de twadde helte smiet VVSB de wedstriid yn it slot, troch yn de 61e minút de twadde treffer efter keeper Kevin van der Meulen te skowen. De Snitsers kamen der net mear oan te pas. De wedstriid fan snein is de 15e ferliespartij fan de Snitsers yn de sneinstopklasse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)