1599 podden oerset by De Lemmer

16 mrt 2004 - 00:00

Mei help fan frijwilligers en skoalbern hat steatsboskbehear tiisdei by De Lemmer 1599 podden oer in gefaarlike dyk holpen. De podden ha de wintersliep út. De bisten ferlitte de bosk en sykje de wetterkant op om dêr te pearjen.

By de Kúnderbosk rinne de podden tsjin in skerm, wêrnei't se yn in gat falle. Yn amers wurde de bisten de dyk oer holpen; yn twa moanne tiid giet it wol om 16.000 podden. De poddetrek duorret noch oant heal april ta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)