Trochstart foar Miedema Hout

Miedema Hout yn Ljouwert makket in trochstart. It bedriuw wie tiisdei foar it grutste part fallyt ferklearre. It fallisemint wie troch it bedriuw sels oanfrege nei't der problemen ûntstienen mei de bank en de belestingtsjinst. Dêrtroch waard der beslach lein, de produskje stillein en wie der gjin kredyt mear te krijen. Neffens direkteur-eigener Andries Miedema wie foaral te min fertrouwen tusken bank en belestingtsjinst de oarsaak fan de problemen. De produksje hat in pear dagen fertraging oprûn.
Fan de 47 minsken yn dy produksje ferlieze 17 no har baan. Neffens Miedema is der noch genôch wurk en hat dat it probleem ek net west.