Nij Thialf moat by stadion

14 des 2011 - 09:58

Der moat in nij Thialf komme by it Abe Lenstrastadion. Dat fine provinsje, gemeente Hearrenfean en de stjoergroep Nieuw Thialf. Der wiene trije opsjes: nijbou op it hjoeddeiske plak, renovaasje of nijbou by it Abe Lenstrastadion. De kosten fan it nije sportkompleks binne 100 miljoen euro. Dêrfan nimme provinsje en gemeente 40 miljoen foar har rekken. Fan it ryk wurdt ek 40 miljoen frege en merkpartijen moatte 20 miljoen bydrage.

It nije Thialf krijt in 400 meter èn in 333 meter baan. Der is plak foar 14.500 taskôgers. Dat is woansdeitemoarn bekend makke op de parsekonferinsje fan provinsje, gemeente en de wurkgroep. De nije iishal smyt 60 oant 70 nije arbeidsplakken op. It nije iisstadion Thialf moat yn 2015 klear wêze foar gebrûk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)