Strontrace: jonge minsken lûke

03 okt 2012 - 13:22

De Strontrace fan Warkum nei Warmond en werom wol ferjongje. Ein dizze moanne wurdt foar de 39e kear de race hâlden. Alde sylskippen mei stront oan board farre sûnder motor nei Warmond. At se dêr lost ha, komme se mei it rom fol blombollen wer werom nei Warkum. De swiere syltocht is in tradysje, mar stadichoan ferâlderet it dielnimmersfjild. Fia Facebook binne seis jongeren fûn dy't meisile wolle. Sy ha in spesjale oplieding foar hân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)