Mûzebiter sit Heak dwers

03 okt 2012 - 11:55

By it wurk oan de Heak om Ljouwert moat in ûntheffing komme op de Faunawet foar de mûzebiter en de sparwer. Dat docht bliken út in útspraak fan de Rie fan Steat. De mûzebiter- en sparwernêsten op it plak fan de wurksumheden sille fuorthelle wurde en nei in nij plak brocht wurde. Neffens de Faunawet mei dat net samar. Dat kin allinnich at der in ûntheffing foar is. Steatssekretaris Henk Bleker hat seis wike de tiid om de ûntheffing te jaan. It is noch net dúdlik oft de wurksumheden oan de Heak om Ljouwert fertraging oprinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)