Miedema Bouw en Hout fallyt

03 okt 2012 - 11:51

Miedema Bouwproducten, Miedema Houtindustrie en memmebedriuw Miedema Groep binne tiisdei fallyt ferklearre. De direksje fan de Ljouwerter bedriuwen hat goede hoop op in flugge trochstart. De belestingtsjinst liket ree om dêr oan mei te wurkjen en woansdei is in petear mei de Friesland Bank. Ferline wike is noch ûnderhannele mei de belestingtsjinst oer útstel fan betelling doe't de lieding ferrast waard troch in beslach fan dyselde belestingtsjinst. Wat ek foar problemen soarget, is dat de mooglikheid om read te stean beheind is troch de bank.

Der wurkje sa'n 50 minsken by de bedriuwen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)