Bestellen fan beurs en by pin

Pinautomaat © ANP XTRA
In frou (75) út Ljouwert is tiisdei yn har wenplak bestellen fan de tas. Se rûn by De Harmonie doe't in ûnbekende man har de tas fan it skouder skuorde. De frou foel dêrtroch en de man naaide út. In foarbygonger dy't de stellerij seach gie achter him oan, mar rekke him by de Prinsetún kwyt. De tas is sûnder beurs dêryn werom fûn.
In frou (19) út Ljouwert is tiisdeitejûn berôve. Se pinde in lyts bedrach by de automaat oan it Waagplein. Doe't it jild út de automaat kaam, pakte in man it jild en naaide út. De plysje hat in sinjalemint fan him.