Harmonie: ried moat kieze

02 okt 2012 - 22:50
  • Stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert

De subsydzje fan teater De Harmonie yn Ljouwert moat omheech of it oantal programma's moat werom brocht wurde. Dat is de kar dy't de gemeenteried neffens wethâlder Diks ynkoarten meitsje moat. De Harmonie hat dit jier in tekoart fan trije ton. Diks jout de skuld oan de krisis, de flop fan in musical en it net trochgean fan it filmfestival. Se ferwyt de direksje neat. De skouboarch wol it tekoart dekke út de reserves, mar dat wol Diks net. Sy wol de subsydzje ferheegje nei 2,9 miljoen euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)