Boargerwacht St Nyk permanint

02 okt 2012 - 22:28

Nei in proef fan inkele moannen is dizze wike yn Sint Nyk de boargerwacht definityf fan start gien. By toerbeurt poste frijwilligers in nacht om ynbrekkers gjin kâns te jaan. Oanlieding wie in ynbraakgolf ferline winter. Fuort neidat de proef ôfrûn wie, gie it wer mis yn Sint Nyk. Moandei setten de frijwilligers opnij útein mei harren rondes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)