Fúzje laboratoaria ôfblaasd

02 okt 2012 - 12:14
  • Logo Wetterskip Fryslân

De fúzje fan fiif wetterskipslaboratoaria giet net troch. Dat betsjut dat it laboratoarium fan Wetterskip Fryslân yn Ljouwert bliuwt. Undersyk hat dúdlik makke dat in fúzje mei û.o. de laboratoaria fan Regge en Dinkel en Hunze en Aa's te djoer wurdt en de foardielen relatyf lyts binne. It duorret wol 25 jier foardat de kosten weromfertsjinne binne.

Der wurdt noch wol socht nei gearwurking mei Stichting Waterproef en nei in effisjintere wurkwize yn it eigen laboratoarium.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)