Papierfiskje is amtner de baas

02 okt 2012 - 11:54

It gemeentehûs fan Tytsjerksteradiel hat lêst fan tûzenen papierfiskjes dy't fan de dossiers ite. De bistjes moatte sa gau mooglik fuort, want oars taaste se ek wichtige en ieuwenâlde dossiers oan.

Om foar te kommen dat se yn it argyf komme wurdt it hiele gemeentehûs oprêden. Alle ôfdielings moatte al it papier dat net belangryk is fuort goaie en belangrike stikken krije in spesjale behanneling mei röntgenstrielen. Yn twa wike tiid binne der al 23 konteners mei papier fuortsmiten. Oan 'e ein fan dizze wike moatte alle fiskjes fuort wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)