Brân toskedokter Surhústerfean
Der hat yn de nacht fan moandei op tiisdei brân west yn de Toskedokterspraktyk yn Surhústerfean. Der is hast neat oer fan it gebou. Allinnich de bûtenmuorren stean noch oerein.
De oarsaak fan de brân is net bekend, mar der binne gjin oanwizings foar brânstichting. De kommende tiid is de praktyk ticht. Tiisdeitemiddei wurdt besjoen hoe grut de skea is.