FIOD pakt Fryske fraudeurs

Jild © ANP XTRA
De FIOD hat moandei ek yn Fryslân ynfallen dien yn in strafrjochtlik ûndersyk nei belizzingsfraude troch de Vastgoed Solide Maatschappij. Op fiif lokaasjes yn Nederlân binne wenningen fan fertochten trochsocht. Der is beslach lein op auto's, wenningen, bankrekkens en administraasjes. Yn ien wenning waard in himpplantaazje fûn, yn in oar hûs in fjoerwapen. Trije minsken binne oanholden, twa fan har binne fertochte.
Bestjoerders fan de Vastgoed Solide Maatschappij hawwe jild fan belizzers oars bestege as tasein. It soe gean om 24 miljoen euro.