Noch mear Fryske falliseminten

02 okt 2012 - 11:27

It oantal falliseminten yn Fryslân is yn it tredde fearnsjier mei 74% omheech gongen neffens ferline jier. Lanlik binne der 23% mear falliseminten útsprutsen en gong it foaral mis yn de nutssektor, de lânbou, de hoareka, de transportbrânzje en de bou. Dat docht bliken út sifers fan advysburo Dun en Bradstreet.

De sifers fan Drinte binne noch minder. Dêr is it tal falliseminten hast ferdûbele.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)