Fragen oer skrassen ferkiezing

02 okt 2012 - 06:58

De CDA-fraksje yn de ried fan Ljouwert is fernuvere oer it ferdwinen fan de ferkiezing bêste binnenstêd 2015. Ljouwert is ien fan de stêden dy't meidie oan dy ferkiezing. De lanlike organisaasje, Detailhandel Nederland, wol gjin nije edysje omdat der de ôfrûne jierren hieltyd mear prizen by kaam binne. It giet dan bygelyks om de bêste winkelketen.

It CDA wol fan it kolleezje witte wat dit betsjut foar de beliedsplannen fan Ljouwert. Ek freget de partij him ôf oft der finansjele gefolgen binne foar ûndernimmers yn de binnenstêd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)