Lykspul Cambuur tsjin Veendam

01 okt 2012 - 22:23
  • Bouwgroep Dijkstra Draisma is al jierren haadsponsor fan Cambuur

SC Cambuur hat moandei twa djoere punten lizze litten yn de útwedstryd tsjin Veendam. De ploech kaam net fierder as in 1-1 lykspul. Cambuur wie yn de earste 20 minuten dominant, mar wist de kânsen net te benutten. By de earste goede oanfal fan Veendam skoarden de Feankolonialen. Lars Hutten makke de goal.

Yn de 42e minút kaam Cambuur lyk troch in penalty. Erik Bakker skoarde foar Cambuur. Yn de twadde helte wiene de ploegen lykweardich en wiene der gjin grutte kânsen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)