Ekstra jild foar kultuer

01 okt 2012 - 20:21

De provinsje wol de kommende fjouwer jier oardel miljoen ekstra stekke yn taal, kultuer en ûnderwiis. Goed ien miljoen dêrfan is struktureel. Sa krijt bygelyks teaterselskip Tryater struktureel ekstra jild fan de provinsje.

Der komt ek in spesjaal 'brûsfûns'. Ut dat potsje moatte nije inisjativen betelle wurde foar taal en kultuer. De provinsje wol fierder it belang fan meartalingens fersterkje. Der komme minder provinsjale kultuerprizen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)