West'werf besuniget ekstra

01 okt 2012 - 16:57
  • Gemeente Weststellingwerf

De gemeente Weststellingwerf sil 1,5 miljoen ekstra besunigje. De maatregel komt boppe op de besuniging fan 4 miljoen euro, dy't de gemeente earder bekend makke. De besuniging is neffens de gemeente nedich fanwege de ekonomysk minne tiden en om't de gemeente minder ryksjild krijt. Boppedat wol de gemeente him yndekke tsjin risiko's mei de grûnferkeap en Caparis. De lêsten foar de ynwenners sille net tanimme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)