Boer De Groot nei Hege Ried

01 okt 2012 - 15:37

Bioboer Thom de Groot fan Goattum stapt nei de Hege Ried. Hy giet yn kassaasje tsjin de útspraak fan it Hôf yn Ljouwert dat him feroardielde ta in jildboete foar it fersmoargjen fan oerflaktewetter. Fan it hiem fan De Groot rint by reinwaar jarrewetter yn de sleat der neist. Neffens advokaat Tjalling van der Goot is it tsjinûndersyk nei de wettermeunsters lykwols mislearre troch tsjinwurking fan it Iepenbier Ministearje. Hy pleite der dêrom foar dat it IM net ûntfanklik ferklearre wurde moatte soe. It Hôf fûn net dat dat doelbewust bard is.

De Hege Ried docht nei alle gedachten pas nei de simmer fan 2013 útspraak yn dizze saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)