Kompjûter by sikehûsbêd

Pasjinten fan de Tjongerskâns op It Hearrenfean kinne har waarm miel tenei digitaal bestelle. It sikehûs is it earste yn Noard-Nederlân mei sa'n systeem. De pasjinten ha in touch-screen-systeem oan bêd. Dêrmei kinne se ek belje, ynternette en televyzje sjen. De pasjinten bepale sels wat en hoefolle at se ite wolle. De mooglikheden fan de bêdkompjûters wurde yn de takomst fierder útwreide.