'Ljouwert gjin kâns op KH2018'

01 okt 2012 - 11:54

De organisaasje Kulturele Haadstêd Ljouwert 2018 mei it Fryske taleplan fan keunsthistoarikus Huub Mous opnimme yn it Bidbook. Der steane alle plannen fan de organisaasje yn. Deputearre Jannewietske de Vries en Rudi Wester fan KH2018 hawwe him ferline wike op it lêste momint frege, want dat bidbook moat al klear wêze. Dat Mous frege wurdt is opmerklik, want hy hat hieltyd grutte krityk op de organisaasje hân. Dy is neffes him amateuristysk en komt net mei konkrete plannen. Neffens Mous meitsje Maastricht en Eindhoven de grutste kâns.

It plan fan Mous is in kultureel programma mei alle talen dy der yn Fryslân sprutsen wurde. De Fryske dialekten en bûtenlânske talen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)