Ride mei quad op strân beboete

01 okt 2012 - 10:57

De plysje hat snein op It Amelân twa manlju op in quad in boete jûn om't se op it strân rieden. It giet om in ynwenner (48) fan Amstelveen en in man (43) út Alkmaar. De plysje hie se earder al oansprutsen op it strân by Nes. Ek dêr rieden se mei de quad oer it strân. Se waarden fuortstjoerd, mar kamen letter werom. Dêrop krigen se in bekeuring.

Trefwurden: 
Amelân plysje boete quad
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)