Jonge ferwûne nei fal fyts

Traumahelikopter © ANP Kippa
In bewenner (18) fan it asylsikerssintrum yn Burgum is sneintejûn let swier ferwûne rekke doe't er oer de Elingsloane fytste en foel. Twa oare asylsikers fûnen de jonge en warskôgen de befeiligers fan it sintrum. Dy ferlienden earste help. Personiel fan twa ambulânses en in traumahelikopter naam dat letter oer. It slachtoffer hat nei alle gedachten beskeadigings oan de harsens oprûn. Hy is mei de ambulânse nei it sikehûs fan Grins brocht. De oarsaak fan it ûngelok is noch ûndúdlik.