Grutte militêre oefening

© Omrop Fryslân, Alle Faber
By Peazens en Ingwierrum wurdt fan moandei ôf in militêre oefening hâlden. Ek yn Drinte wurdt oefene. Der binne 60 militêren, 20 weinen en twa fleantugen by belutsen. De militêren wurde traind yn it waarnimmen fan doelen dy't útskeakele wurde moatte. Strieljagers fleane boppe Zoutkamp en Eanjum en fierder binne der patrûljes yn it oefengebiet, meast mei militêre weinen. Se brûke gjin oefenmunysje. De militêre oefening duorret oant en mei freed.