Warnzer wint FK pealsitten

30 sep 2012 - 17:24

Arjen van der Bos (17) út Warns hat snein it Frysk kampioenskip pealsitten wûn. Hy behelle yn syn eigen wenplak de measte bonustiid. Jonne Verheij (42) út Harns waard twadde en Tsjerk Greidanus (41) út Kollum tredde.

De wedstriid wie tongersdei om fiif oere middeis úteinset en einige sneintemiddei om fiif oere. Trije fan de fjouwer dielnimmers bleaunen oan 'e ein ta op de peal sitten. Arjen van der Bos hie tsien kear in skoft oerslein en dêrmei de measte ekstra tiid.

It evenemint wie te sjen op www.omroplive.nl.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)