Sylskip yn problemen by Skylge

30 sep 2012 - 14:02

In sjarterskip is sneontejûn troch de hurde wyn yn problemen rekke benoarden Skylge. Fan it 38 meter lange skip de Jacob Meindert brutsen de twa mêsten ôf. Dy sloegen oerboard en it skip rekke dêrtroch ûnbestjoerber.

KNRM-rêders fan Skylge en it eilanner bergingsbedriuw Noordgat hawwe it skip holpen. Se setten it ôfbrutsen syltúch fêst oan de sydkant fan it skip. Dêrnei waard it skip nei de haven fan Harns sleept. Der rekke gjinien ferwûne by it ûngelok. De opfarrenden koene al dy tiid gewoan oan board bliuwe.

Trefwurden: 
skip brune float mêst
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)