Syktocht nei fermiste surfers

© Google Street View
Op de Waadsee by Lauwerseach is sneontejûn socht nei twa fermiste surfers. De rêdingsboaten fan Skiermûntsdeach en Lauwerseach fierden de sykaksje út. Frij gau nei de melding waard ien surfer fûn op de Waadseedyk troch de rêdingsboat fan Skiermûntseach. De oare waard eefkes letter út it wetter helle troch de rêdingsboat fan Lauwerseach.
Beide surfers binne ûndersocht troch ambulânsepersoniel dat ek oproppen wie.