Brân Nieuweburen Ljouwert

Oan de Nieuweburen yn Ljouwert hat sneontejûn brân west yn in wenhûs. De helptsjinsten waarden oproppen om in oere of sân. Doe't de plysje oankaam, die bliken dat de skea tafoel. De plysjeminsken hawwe in rút ynslein en de doar iepenbrutsen, sadat se deryn koene. Mei in brânblusser hawwe se it fjoer útmakke.
De bewenster fan it hûs is oanhâlden, omdat se it fjoer mooglik sels oanstutsen hat. De brânwacht hat noch in neikontrole útfierd. De plysje sil de saak fierder útsykje.